Buertbemiddeling

As argewaasjes of ferskil fan miening tusken dy en dyn buorlju heech oprinne en it lestich is om ta in petear te kommen, helpe de buertbemiddelers fan Sociaal Werk De Kear dy en dyn buorlju graach. Us ûnpartidige bemiddelers sjogge mei dy en dyn buorlju nei de mooglikheden om ta in goede oplossing te kommen. Buertbemiddeling kin ynset wurde by bygelyks oerlêst, rûzje of in minne relaasje mei dyn buorlju.

Wa binne ús buertbemiddelers?

Us buertbemiddelers binne frijwilligers dy’t spesjaal traind binne om konflikten op te lossen. Se binne ûnôfhinklik, kinne goed harkje en hawwe geheimhâldingsplicht. Se harkje nei beide kanten fan it ferhaal en kieze gjin partij. Se helpe dy en dyn buorlju om in oplossing te finen.

Buertbemiddeling ynsette?

Nim dan kontakt mei ús op om de sitewaasje út te lizzen. Wy beoardielje oft dyn sitewaasje yn oanmerking komt foar buertbemiddeling. As dat sa is, komt in bemiddeler by dy thús om dyn ferhaal te hearren. Yn in petear mei dyn buorlju hearre we dêrnei de oare kant fan it ferhaal. Wolle beide partijen meielkoar prate? Dan regelje en begeliede we in ôfspraak op neutraal terrein. De bemiddelers soargje der foar dat it petear goed ferrint en dat jimme dúdlike ôfspraken meitsje. Dizze ôfspraken sette we op papier, sadatst beide witst wat de ferwachtingen fan wjerskanten binne. Nei inkelde wiken nimme we kontakt op om te hearren hoe’t it giet. As it nedich is, meitsje we in nije ôfspraak.

Wa kin buertbemiddeling ynskeakelje?

Elke ynwenner fan de gemeente De Fryske Marren dy’t in konflikt mei buorlju of buertgenoaten oplosse wol kin buertbemiddeling ynskeakelje. Ek ynstânsjes as wenningkorporaasjes, plysje of de gemeente De Fryske Marren kinne ús oansprekke of ynwenners trochferwize.

Oanmelde of meer ynformaasje?

Buertbemiddeling is frijwillich en fergees. Wolsto dy oanmelde of wolst mear ynformaasje? Nim dan kontakt mei ús op.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!