DFMCentraal

DFM Centraal is it online doarpsplein fan De Fryske Marren dêr’t alle ynwenners út ús gemeente ynformaasje en nijs diele. It giet dan om bygelyks aginda, prikboerd, help frege/oanbean, it oanbod fan frijwilligerswurk, mar ek buertferhalen, buertfoto’s, buertferbetteringen, ensafuorthinne.

Wy bringe ynwenners graach op ‘e hichte fan allerhande aktiviteiten dy’t mei ferbinen en maatskiplike blutsenens te krijen hawwe. Witte wat der yn dyn buert bart is nammentlik in betingst foar it belutsen wêze kinnen by dyn eigen buert.

Sociaal Werk De Kear stipet de frijwilligers (buertferbiners) dy’t dit platfoarm draaiende hâlde.

DFMCentraal.nl makket ferbinings tusken de minsken yn de buerten en wiken en mei de ferskate maatskiplike initiatieven dy’t ús gemeente ryk is. Meielkoar berikke je úteinlik mear as allinne.

Wolst wat diele of sikest ynformaasje? Sjoch dan efkes op de webside www.dfmcentraal.nl.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!