Ferieningsstipe

As it frege wurdt, stypje we ferieningen mei in maatskiplik belang yn De Fryske Marren, bygelyks sport- en doarpsferieningen. Do kinst by ús terjochte mei fragen as:

  • hoe winne we mear frijwilligers of nije (jonge) bestjoersleden?
  • we wolle in nij projekt begjinne, wa binne mooglike gearwurkingspartners?
  • we hawwe in moai idee, hoe komme we fan idee oant in (breed droegen) plan?
  • we sykje finansiering foar ús projekt, wêr kinne we terjochte?

Mear witte?

Wolsto mear witte oer wat we foar jim dwaan kinne? Nim dan kontakt mei ús op. De stipe dy’t wy biede is fergees.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!