Noflik en feilich opgroeie

Yn de gemeente De Fryske Marren fine we it wichtich dat bern en jongerein feilig opgroeie en de romte hawwe om harren te ûntwikkeljen. Somtiden hasto dêr – neist stipe troch dyn âlden, fersoargers of skoalle – ekstra stipe of útdaging by nedich.

Hoe stypje we dy?

Sociaal Werk De Kear is der foar alle bern en jongerein. Ast no ferlet hast fan in petear, help wolst by it organisearjen fan in aktiviteit, ûntdekke wolst hokker sport oft by dy past, of do wolst sterker yn dyn skuon stean, ús meiwurkers steane foar dy klear. We rjochtsje ús altyd op dyn talinten en sjogge nei dyn ûntwikkelingsmooglikheden. Ek âlden en/of fersoargers kinne by ús terjochte foar ynformaasje en advys. By it sykjen nei in oplossing of antwurd wurkje we soms gear mei it Sociaal Wijkteam.

Wêr fynsto ús?

De meiwurkers fan Sociaal Werk De Kear binne regelmjittich op paad om mei dy oan ‘e praat te reitsjen. Do sjochst harren bygelyks by dy op skoalle, op de sportklup of op strjitte. Sa kinsto altyd maklik in fraach stelle asto hjir of dêr sels net útkomst.

Foarljochting, trainingen en Aktiviteiten

Yn gearwurking mei skoallen kin Sociaal Werk De Kear foarljochting jaan oer ûnderwerpen as pesten, alkohol- en drugsgebrûk en omgean mei sosjale media. Dêrneist jouwe we op skoallen weerbaarheidstrainingen. Bûten skoaltiid organisearje we sport- en kultueraktiviteiten.

Kontakt

  Aginda

Overzicht

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!