It belang fan in sûne libbensstyl

Sport, bewege en sûn ite is wichtich. Net allinne omdat it goed is foar dyn sûnens. Troch te sporten en te bewegen fergruttest dyn selsbetrouwen, fitaliteit en do learst om better foar dysels op te kommen. Meielkoar bewegen fergruttet faak ek dyn sosjale netwurk.

Us begelieding

Sport en bewegen is in middel om yn beweging te kommen. Sitst net lekker yn dyn fel? Hast moaie ideeën om út te fieren, mar komt it der net fan? Wolst sûner libje, mar fynst it dreech om dêrmei te begjinnen of fol te hâlden? De buertwurkers sport fan Sociaal Werk De Kear stimulearje ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren om yn beweging te kommen en te bliuwen. Wy biede hjir passende help by.

Dêrneist jouwe de buertwurkers sport ynformaasje en advys oer de mooglikheden om te sporten en te bewegen yn De Fryske Marren. Bygelyks troch mei te tinken oer hokker sport of sportferiening by dy past. Dêrneist helpe we sportferienings, bygelyks mei it organisearjen fan in sûne kantine en it winnen fan leden of frijwilligers.

Mear witte?

Wolsto mear witte oer wat we foar dy dwaan kinne? Nim dan kontakt op mei ús. De begelieding dy’t wy biede is fergees.

Kontakt

Projekten

  Aginda

Overzicht

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!