Mantelsoarch

Soargesto al in lang skoft en ûnbetelle foar in sike partner, âlder, bern of buorman? Dan bisto mantelsoarger. As mantelsoarger hasto it net altyd like maklik. Hoewol’t de soarch foar in oar in soad foldwaning jout, kinsto oerbelêst reitsje. Dit kin der ta liede datsto sels efkes net mear noflik yn dyn fel sitst en datsto dyn soarchtaak net mear optimaal útfiere kinst. Werkensto dy hjiryn? Dan is in goed om te witten dat de meiwurkers fan Sociaal Werk De Kear mantelsoargers yn de gemeente De Fryske Marren stypje kinne.

Hoe stypje wy dy?

Us meiwurkers biede praktyske help en begelieding oan mantelsoargers. Wy jouwe ynformaasje en advys en biede in harkjend ear. We organisearje ek Moetingskafees en stypje by it organisearjen fan respijt-soarch thús. Respijt-soarch jout dy as mantelsoarger de mooglikheid dyn soarchtaken tydlik oan in frijwilliger (ferfanger) oer te dragen. Hjirtroch hasto efkes tiid foar dysels en kinsto de soarch better folhâlde. Wolsto mear witte oer wat wy foar dy betsjutte kinne? Nim dan kontakt mei ús op.

Mantelsoarchwurdearring

Elk jier krije mantelsoargers in wurdearring fan de gemeente De Fryske Marren. It is fan belang datsto dêrta dyn gegevens trochjoust. Oanmelde as mantelsoarger kin mei it oanmeldformulier op de webside fan de gemeente.

Jonge mantelsoargers

Somtiden helpe bern mei yn de soarch foar in famyljelid dy’t in lange tiid siik is of in handicap hat. Sociaal Werk De Kear organisearret regelmjittich aardige aktiviteiten foar dizze jonge mantelsoargers.

Kosten

De stipe dy't wy biede is fergees.

Kontakt

  Aginda

Overzicht

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!