Digi-Taalhûs

Yn Nederlân hawwe 2,5 miljoen minsken fan 16 jier en âlder muoite mei lêzen, skriuwen, rekkenjen en/of omgean mei de kompjûter. Muoite hawwen mei lêzen, skriuwen, rekkenjen en/of it omgean mei de kompjûter kin foar problemen soargje. Asto ynformaasje net goed begrypst of it slagget dy net om formulieren yn te foljen, is de kâns grut datst minder selsredsum of minder sosjaal aktyf bist of bygelyks in betellingsefterstân krigest.

Wêr fynsto it Digi-Taalhûs?

It Digi-Taalhûs is in plak foar elkenien dy’t (better) leare wol te lêzen, skriuwen, rekkenjen of omgean mei de kompjûter. Do fynst it Digi-Taalhûs yn de biblioteek fan de folgjende plakken yn de gemeente De Fryske Marren: Balk, De Jouwer en De Lemmer.

Buertbakje mei tablet pret

Wolst mei dyn doarpsgenoaten ûnder it genietsjen fan in bakje kofje of kopke tee meielkoar oefenje mei it omgean mei in tablet? Yn gearwurking mei it Digi-Taalhûs stipet Sociaal Werk De Kear graach by it organisearjen fan ‘Buertbakje mei tablet-pret’.

Mear witte? 

Bisto ynteressearre en wolsto graach mear ynformaasje? Dan kinsto lâns komme op it sprekoere fan it Digi-Taalhûs by dy yn ‘e buert. It Digi-Taalhûs is ek tillefoanysk en/of troch mail berikber. Sjoch foar de sprekoeren en kontaktgegevens op de webside fan de biblioteken Mar en Fean.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!