Sociaal Werk De Kear is der foar elkenien dy’t wat foar in oar betsjutte wol. Ferfier biede, in kuier mei immen meitsje of minsken stypje mei harren administraasje. Frijwilligerswurk is der yn allerhande soarten en foarmen. It ‘Vrijwilligers Informatie Punt’ (VIP!) De Fryske Marren stipet frijwilligers en frijwilligersorganisaasjes en bringt beide partijen meielkoar yn kontakt.
We beantwurdzje al dyn fragen: oer de frijwilligersfergoeding, hokker soart frijwilligerswurk oft by dy past of oer hoe’tst as frijwilliger omgiest mei bygelyks agresje of begjinnende demintens. We harkje nei dyn ûnderfiningen, jouwe advys en ynformaasje en organisearje ynteressante gearkomsten. Dêrneist beheare wy in fakatuerebank en do kinst fia ús dielnimme oan trainingen organisearre troch Fitaal Frijwilligerswurk. Sjoch foar it aktuele trainingsoanbod op www.vitaalvrijwilligerswerk.nl.
By Sociaal Werk De Kear binne we regelmjittich op syk nei nije frijwilligers. Foar frijwilligers dy’t struktureel aktyf by ús binne, freegje we in ‘Verklaring Omtrent het Gedrag’ (VOG) oan.
Hasto in fraach of wolsto dy ynsette foar in oar? Nim dan tillefoanysk of troch in mail kontakt mei ús op: (0513) 334 270 of vip@defryskemarren.nl. Sjoch foar mear ynformaasje oer het VIP!, aktuele fakatueres en de iepeningstiden fan ús lokaasjes op ‘e Jouwer, yn De Lemmer en Balk op www.vipdefryskemarren.nl.
Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!