Zurück nach Nieuws

Start nije wolwêzenorganisaasje Sociaal Werk De Kear

Publisearre op:
Start nije wolwêzenorganisaasje Sociaal Werk De Kear

Fan moandei 2 septimber 2019 ôf set Sociaal Werk De Kear him lokaal en tichtby yn foar it wolwêzen fan ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren. We wurkje gear mei ynwenners om it libjen yn de buerten en doarpen te fersterkjen, meielkoar en foar elkoar. Sociaal Werk De Kear is in nije wolwêzenorganisaasje dy’t diel útmakket fan de Tintengroep.

Wat docht Sociaal Werk De Kear?

Sociaal Werk De Kear motivearret en stipet ynwenners om út eigen krêft en harren talinten wei rezjy te nimmen oer harren libben en meielkoar te soargjen foar in leefbere, sterke mienskip. We binne der foar elkenien dy’t in fraach hat oer bygelyks sûnens, jild, de leefberens yn dyn wyk of doarp, (frijwilligers)werk & partisipearjen en mantelsoarch.

Ek meitsje we mei ynwenners konkrete plannen om meielkoar de leefberens en de sfear yn ‘e buert en it doarp te fergrutsjen. Fierder fasilitearje we bewennersinisjativen dy’t stimulearje dat we nei elkoar omsjogge en dy’t derfoar soargje dat elkenien meidwaan kin yn de mienskip. We hechtsje in soad wearde oan moetsjen, belûken en gearwurkjen. We bringe minsken en organisaasjes by elkoar en wurkje gear mei oare partijen, sa as frijwilligers, ferieningen, hûsdokters, gemeente, soarchynstellingen en wenningkorporaasjes.

By dy yn 'e buert

Sociaal Werk De Kear hat twa gebietsteams. Noard en Súd. Hjirtroch binne ús meiwurkers altyd yn ‘e buert. Do fynst ús begelyks op strjitte, yn it doarpshûs of op skoallen yn dyn wyk. Do kinst ek lânskomme op ien fan ús lokaasjes:

Team Noard
Midstraat 66, Joure

Team Súd
Lijnbaan 8, Joure

Mear ynformaasje?

Hasto in fraach of wolsto mear witte oer wat wy foar dy of dyn buert dwaan kinne? Skilje ús dan op moandei oant en mei freed tusken 09.00 en 17.00 oere op tillefoannûmer (0513) 334 270 of mail nei info@sociaalwerkdekear.nl.

23-04-2024

Vacature Coördinator Thuiskamers - 24 uur per week

Wij zijn per 1 juni op zoek naar een Coördinator Thuiskamers. Het betreft een nieuwe tijdelijke functie, voor de periode van een jaar met de intentie om te verlengen. We zoeken dan ook een collega die het leuk vindt om een project op te starten en aan te jagen. 
Lês mear