Oer ús

Sociaal Werk De Kear motivearret en stipet ynwenners yn buerten en doarpen fan de gemeente De Fryske Marren út harren eigen krêft en talinten wei, mei as doel rezjy oer it eigen libben en in leefbere, sterke mienskip. Us meiwurkers biede stipe by ferskate ûnderwerpen, sa as sûne libbensstyl, mantelsoarch en frijwilligerswurk.

Krêftige buerten en doarpen

Neist it sterker meitsjen fan ynwenners, sette we ús ek yn foar it realisearjen fan ‘krêftige’ buerten en doarpen. Mei ynwenners meitsje we konkrete plannen om meielkoar de leefberens en de sfear yn de buert en it doarp te fergrutsjen. Fierder fasilitearje we bewennersinitiatieven dy’t stimulearje dat we nei elkoar omsjogge en dy’t derfoar soargje dat elkenien meidwaan kin yn de maatskippij.

Mear witte oer wa’t wy binne? Sjoch dan fierder op ús webside.

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op! Wil je meer informatie? Laat dan hieronder je gegevens achter. Wij nemen zo snel mogelijk contact met je op!