Us wurkwize

Sociaal Werk De Kear hat twa gebietsteams: Noard en Súd. Hjirtroch binne ús meiwurkers altyd yn ‘e buert. Do fynst ús bygelyks op strjitte, yn it doarpshûs of op skoallen yn dyn wyk.

Us kontakt is leechdrompelich. Hasto ferlet fan in harkjend ear, praktyske tips, advys of stipe? Sociaal Werk De Kear is der foar alle ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren dy’t in fraach hawwe oer bygelyks sûne libbensstyl, mantelsoarch en frijwilligerswurk. Yn ús kontakt ûndersykje we meielkoar watsto nedich hast: passende begelieding, in training of in kursus.

We hawwe in soad kontakten yn De Fryske Marren. Hasto in fraach wêrmei’t wy dy net fierder helpe kinne, dan kenne we grif immen dy’t dat wol kin. We jouwe ynformaasje en advys en bringe dy graach yn kontakt mei oare ynwenners of ús netwurkpartners.

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op! Wil je meer informatie? Laat dan hieronder je gegevens achter. Wij nemen zo snel mogelijk contact met je op!