Fyzje en missy

Fyzje

De krêft fan Sociaal Werk De Kear is dat wy witte wat der libbet en spilet op lokaal-, buert- en doarpsnivo. We binne aktyf belutsen, helje fragen op by ynwenners en by ús gearwurkingspartijen. Troch ús kennis en feardigens op wolwêzensgebiet binne we de ferbining tusken organisaasjes en ynwenners. We kenne en organisearje de sosjale infrastruktuer en bringe informele en formele partijen byelkoar.

By Sociaal Werk De Kear geane we út fan de eigen krêft en it eigen talint fan de minsken. Elkenien kin him of har op de eigen manier ûntwikkelje en nei fermogen in bydrage leverje oan in positive, veilige libbensomjouwing. Sociaal Werk De Kear slút oan by bewennersinisjativen en stimulearret se. Allinne giesto hurder, meielkoar komsto fierder.

Missy

Us missy is ynwenners stypje en motivearje om út eigen krêft en harren talint wei regie te nimmen oer harren libben en meielkoar te soargjen foar in leefbere, sterke maatskippij. Dit dogge we út de oertsjûging dat minsken ferantwurdlik binne foar harren eigen libben, mar ek ynfloed útoefenje kinne op it libben fan harren neisten.

Praatplaat Sociaal Werk De Kear


Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op! Wil je meer informatie? Laat dan hieronder je gegevens achter. Wij nemen zo snel mogelijk contact met je op!