Samen Actief

Samen Actief is in programma wêryn’t we mei dielnimmers oan ‘e slach gean dy’t aktiver wurde wolle, mear bewege wolle en sosjale kontakten opbouwe wolle.

Under begelieding fan de buertwurker sport, folgest in programma dat plak hawwe sil op ‘e Lemmer of op 'e Jouwer. By it folgjen fan it programma, learst sels doelen te stellen en dêr mei oan ‘e slach te gean. Wy wurkje oan doelen troch it organisearjen fan workshops en beweechmominten.

Wy wolle der mei dit programma foar soargje datst doelen hellest en yn kaart hast hokker moaie kwaliteiten asto machtich bist om yn te setten by bygelyks frijwilligerswurk of hoe’tst de stap sette kinst om dy oan te sluten by in (sport)feriening.

Meidwaan?
Wolsto meidwaan oan ‘Samen Actief’  op ‘e Lemmer? Dan kinsto in berjochtsje stjoere oan Frank:
06-51291262 f.timmerman@sociaalwerkdekear.nl.

Wolsto meidwaan oan ‘Samen Actief’ op ‘e Jouwer? Dan kinsto in berjochtsje stjoere oan Leon:
06-51306743 l.devries@sociaalwerkdekear.nl

Do wurdst dêrnei útnûge om hjirmei yn ‘e kunde te kommen.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!