Terug naar Gezonde leefstijl

Jongeren Op Gezond Gewicht

Gepubliceerd op:
Jongeren Op Gezond Gewicht

Meielkoar gearwurkje foar in sûne libbensstyl.

De gemeente De Fryske Marren is JOGG gemeente. JOGG stiet foar ‘Jongeren op Gezond Gewicht’. Doel is dat elkenien yn De Fryske Marren him ynset om de kar om sûn te iten en te bewegen foar jongerein maklik(er) te meitsjen. Jongerein oant 19 jier, harren âlden en harren omjouwing steane hjirby sintraal. In lokale oanpak wêrby’t net allinne de âlden en sûnensprofessionals harren dwaande hâlde mei de libbensstyl fan de jongerein, mar bygelyks ek winkellju, bedriuwen, wykferienings, skoallen en de gemeente sels. Meielkoar berikst mear! Sjoch foar mear ynformaasje oer JOGG op www.jongerenopgezondgewicht.nl.