Jonge mantelsoargers

Bisto tusken de 8 en 23 jier? Soargesto foar – of hast dyn soargen om – in famyljelid dat in lange tiid siik is of in handicap hat? Dan bisto in jonge mantelsoarger. Miskien hat immen út dyn húshâlding kanker, MS, reuma, in earnstige spiersykte, psychiatryske klachten of in ferslaving. Miskien hasto in broer of suster mei ADHD, autisme of wat dat hjir op liket. It kin wêze datsto hjirtroch mear soarch op dy nimst as dyn leeftydsgenoaten. Faak giet de measte oandacht yn in húshâlding út nei dyjinge dy’t siik is. Fan jongerein is likernôch ien op ‘e fiif mantelsoarger. Do stiest dus net allinne!

Aktiviteiten

Sociaal Werk De Kear organisearret regelmjittich aktiviteiten foar jonge mantelsoargers. Hâld hjirfoar ús aginda yn ‘e gaten. By dizze aktiviteiten bist lekker dwaande en komst yn kontakt mei oare bern dêr’t thús ek soksawat spilet. Do silst fernimme datst net de iennichste bist en do kinst – asto dat wolst – dyn ferhaal ris kwyt.

Mear witte of oanmelde?

Wolsto mear witte of wolsto meidwaan oan in aktiviteit? Nim dan kontakt mei ús op. It is fansels ek prima as dyn heit, mem of immen oars yn dyn omjouwing kontakt mei ús opnimt.

Kontakt

 Aginda

Op dit moment zijn er geen geplande activiteiten.

Overzicht

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!