Jildsoargen?

Dyn soarchfersekering, de hypoteek of hier, de boadskippen… Elke moanne hast ferskate útjeften. Fansels wolst ek graach aardige dingen dwaan bliuwe. Hasto fragen oer jild of hasto muoite it oersjoch te bewarjen oer al dyn ynkomsten en útjeften? Foar help by it regeljen fan dyn jildzaken kinst yn de gemeente De Fryske Marren terjochte by it Sociaal Wijkteam. It Sociaal Wijkteam wurket gear mei Sociaal Werk De Kear. As it nedich is, ferwize se dy troch nei de frijwilligers fan Regelhulp.

Hoe stypje wy dy?

De frijwilligers fan Regelhulp hawwe ûnderfining mei it oplossen fan jildproblemen. Se witte hoe’t se dy stypje kinne by it op oarder krijen fan dyn finânsjes. We wurkje hjirby gear mei Humanitas Thuisadministratie, Steunpunt VerSUS en Stichting Leergeld. Us doel is datsto dyn administraasje wer op oarder krigest en learst hoe’tsto selsstannich dyn ynkomsten en útjeften beheare kinst. Us frijwilligers komme by dy thús of we prate ôf op in oar, foar dy gaadlik plak. De begelieding dy’t wy dy biede is fergees.

Handige tips

Sels oan ‘e slag mei dyn jildsaken? We hawwe hjirûnder websiden mei handige tips en tools op in rychje set dy’t dy helpe by fragen oer jild en it oplossen fan begjinnende finansjele problemen.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!