Leefberens

Noflik en feilich wenjen is wichtich foar elkenien. Do wolst dy thús fiele yn dyn strjitte, buert en doarp. De buertwurkers fan Sociaal Werk De Kear wurkje mei dy gear oan de leefberens yn de gemeente De Fryske Marren. Binne der saken yn dyn buert of doarp dy’tst ferbetterje wolst? Mar witst net goed hoe’tst dat dwaan moatst? Wy kinne dy hjirby – mei de doarpenkoördinatoaren fan de gemeente De Fryske Marren - stypje.

Hoe stypje wy dy?

We begjinne by dyn fraach of winsk. Sociaal Werk De Kear fynt it wichtich datsto as ynwenner sels oanjoust wat better kin yn dyn omjouwing. De buertwurkers helpe dy om sels oplossingen te betinken en dyn talinten hjirby yn te setten. De buertwurkers sjogge yn elke sitewaasje wat der oan ‘e hân is, wat der nedich is, wat de buert of it doarp sels kin en hokker (profesjonele) organisaasjes dêr mooglik by helpe kinne.

Under it genot fan in bakje kofje of kopke tee oerlizze we graach mei dy. Mar we sykje ek gearwurking mei bygelyks doarpsbelangen, wyk- en buurtferieningen. Sa meitsje we meielkoar dyn wenomjouwing sûner, moaier, better en leefberder.

Ofspraak meitsje?

Wolsto dat we ris by dy yn ‘e strjitte lânskomme om mei dy en dyn buorlju te praten oer it wenjen en libjen yn jimme wyk of doarp? Nim dan kontakt mei ús op.

Kontakt

Stel in fraach

Wolsto mear ynformaasje? Lit dan hjirûnder dyn gegevens efter. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei dy op!